Josja Haagsma: "Het slagersvak is echt niet alleen voor mannen"

06 maaie 2019 - 11:05

It fak fan slachter is net allinnich foar manlju. Dat bewiist Josja Haagsma út Nyegea. Tusken al dy stoere manlju gong Josja der snein mei de winst fantroch by de International Young Butchers Competition yn Frankfurt. Se is mar wat grutsk op de titel. "Dit is echt supertof."

Foto: Slagerij Biesma, Facebook

De International Young Butchers Competition bestie út twa dagen, wêryn't de kandidaten allerhanne opdrachten krigen. Sa moasten se op sneon in stik fleis útbonkje, in woarst meitsje en in skaal mei búkfet klearmeitsje. Benammen it útbonkjen wie in spannend ûnderdiel, jout Josja ta. "Als meisje ben je toch minder sterk dan al die jongens die meedoen. Bovendien doe ik dit zelf niet zo vaak in de slagerij."

In jier lang traind

Josja hat in jier lang hurd traind op de ferskate ûnderdielen. Op snein waarden op 'e nij trije opdrachten útfierd. Dit kear moasten de dielnimmers in barbecueskaal opmeitsje, in rollade en it fleisgerjocht 'Beef Wellington' klearmeitsje. De sjuery bekroande Josja har gerjochten úteinlik mei de heechste sifers, wêrnei't se de yndividuele titel pakte.

Stoere froulju

Boppedat wûn Josja tegearre mei de Westlandse Tessa Moerland ek yn teamferbân. Dêrmei litte de froulju sjen dat it slachtersfak wier net allinnich foar manlju is. "Dat vind ik nog wel het allerstoerste", laket se. "Je bent er zo lang mee bezig, dus de ontlading was groot. Dit is het bewijs dat ik het echt kan." Mei it barbecueseizoen foar de doar hat Josja no al wer sin oan de simmer.

Slachter Josja Haagsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)