Froast yn maaie? Ferfelend, mar net unyk

06 maaie 2019 - 10:42

It giet oan! Huh, yn maaie? In Alvestêdetocht is fansels wol wat oerdreaun, mar it kin kommende nacht op guon plakken noch flink frieze.

Froast - Foto: Shutterstock.com

Neffens waarman Piet Paulusma wurdt it de kommende nacht frij helder waar mei kâns op froast oan de grûn. Op guon plakken yn de provinsje kin it lykwols -4 of -5 graden wurde. De temperatuer sakket sa flink, trochdat der amper wyn is.

Skealik?

Benammen foar planten en strûken kin de froast in probleem wêze. Om se te beskermjen, kinst se ynpakke mei bygelyks in konstruksje fan stokken en jute mei dêrtusken wat strie. Wachtsje ek noch even mei it snoeien en ferjit net om de bûtenkraan ôf te sluten.

Net unyk

Hiel bysûnder is it net dat it noch friest yn maaie. Dat komt hast elk jier wolris foar op in plak yn Nederlân. Yn 1962 frear it op 1 maaie op de Feluwe 4,5 graden. Sels yn juny is noch wolris froast metten. Op 18 juny 1955 wie dat yn Drinte (-0,8 graden) en op 19 juny 1923 yn Den Helder (-0,3 graden).

Ien treast: de rest fan de wike wurdt it mylder, mar it bliuwt wol wiet.

Trefwurden: 
waar froast
(Advertinsje)
(Advertinsje)