Goed 75.000 besikers foar Befrijingsfestival Ljouwert

06 maaie 2019 - 10:31

De organisaasje fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert is tige bliid mei it tal besikers snein. Sa'n 75.000 minsken kamen nei de stêd om Befrijingsdei te fieren. Der wie rekken hâlden mei folle minder minsken fanwege de minne waarfoarsizzings.

Tradisjoneel waard de dei iepene mei it oanstekken fan it befrijingsfjoer dat troch estafetterinners yn de nacht fan sneon op snein ophelle wie út Wageningen.

Earder op de dei wie der al in lunsj foar 75-plussers, dy't bywenne waard troch eurokommissaris Frans Timmermans. Timmermans gie ek nei de European Village en de Speakers corner op it Plein fan de Frijheid.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Op meardere poadia wiene optredens fan hiel ferskillende artysten. Sintraal stiene de Fryske ambassadeur foar de Frijheid Pien Breeuwsma en lanlik ambassadeur Kraantje Pappie. Njonken it haadpoadium by de Aldehou wie der noch in twadde haadpoadium, dat fan Noardewyn yn de Arendstún. By beide wiene in soad minsken.

Neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hong der in hiel noflike, ûntspannen sfear op it festival. Dêrtroch wie it ek foar de befeiliging en helptsjinsten in goede dei.

By de fjouwer yngongen fan it festival waard ekstra kontrolearre op 'lachgas', mar dat is net oantroffen. By de bars waarden drankjes skonken yn saneamde 'hardcups', bekers dy't hieltyd opnij brûkt waarden. As minsken fuort giene, koene se de beker wer ynleverje. It Befrijingsfestival wol in sirkulêr festival wêze.

"Hoewel het even wennen was met halen en inleveren van de bekers, waren de bezoekers positief over deze ontwikkeling. Dankzij veel verschillende samenwerkingspartners konden we ook dit jaar veel aan circulariteit doen, volgend jaar gaan we dat nog verder uitbreiden", sa sei foarsitter Jorrit Volkers fan de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Volkers sei fierder noch dat de besikers oeral wei kamen. "Het openbaar vervoer had een topdag, parkeergelegenheden stonden bomvol en ondanks de slechte weersvoorspellingen werd het met een prachtig bevrijdingszonnetje een fantastische dag waarop we op alle mogelijke manieren stil stonden bij vrijheid en de betekenis daarvan."

(advertinsje)
(advertinsje)