Flearmûsportaal by De Jouwer helpt flearmûzen mei oerstekken

Der komme alle dagen tûzenen auto's lâns, mar dochs sil it in soad fan de bestjoerders net opfallen wêze. By it knooppunt De Jouwer is begjin april in flearmûsportaal fan hast 60 meter breed pleatst. Hoewol't der yn Fryslân wol mear fan dizze portalen binne, is dit wol in hiel grut eksimplaar. Doel fan it bouwurk is om de flearmûzen feilich oer de dyk te krijen.
Flearmûsportaal by De Jouwer helpt flearmûzen mei oerstekken
Omjouwingsmanager Dirk Jan Lepstra leit út wat it doel fan it bouwurk krekt is. "Flearmûzen brûke it portaal as oerstekplak foar harren fleanrûte. Dêrby brûke se benammen lânskiplike eleminten, lykas beammen en houtwâlen. By brede diken is dizze fleanrûte fersteurd. Fandêr dat it portaal tsjinnet as hâldfêst. As jo in dyk oanlizze yn in gebiet dêr't ek bisten libben, dan moatte jo dêr rekken mei hâlde troch maatregelen te treffen. Dêr is dit in foarbyld fan."
Bauke Deelstra praat mei omjouwingsmanager Dirk Jan Lepstra
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It flearmûsportaal hinget sa'n 6 meter boppe de dyk en bestiet út in raster fan swart metaal. It liket wol op de portalen dy't brûkt wurde foar de ferkearsbuorden, mar dan sûnder matriksbuorden.
Wichtich is dat it portaal oanslút op de beammen en boskjes yn de omjouwing. Ut ûndersyk docht bliken dat flearmûzen fêsthâlde oan harren eigen rûtes. Se binne net maklik oer te heljen om in oare rûte te kiezen. Dêrom moat it portaal wol oanslute op de haadrûte, lykas in rige beammen oan beide kanten fan de grutte dyk.
Ek foar oare bisten lykas mûzen is in rûte oanlein yn de foarm fan in buis ûnder de dyk troch.
Dirk Jan Lepstra jout biologyles