Bestelbus slacht oer de kop op Sintrale As

06 maaie 2019 - 08:45

Op de Sintrale As is moandeitemoarn krekt foar sân oere in bestelbus oer de kop slein. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Troch it ûngelok ûntstie der in lange file yn de rjochting fan Dokkum.

Foto: Srfotografie

De plysje hat de bestjoerders dy't wachtsje moasten omkeare litten, wêrnei't se by de earste ôfslach fan de dyk ôf moasten.

Hoe't it ûngelok mei de bestelbus krekt barre koe, is noch net dúdlik. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)