Kollum: "Us mantsje stean"

06 maaie 2019 - 08:29

"Wylst de manlju fan Ajax hieltyd tichter by de finale fan it Miljoenebal komme, wie der panyk by de froulju fan sportklup Hearrenfean. Efkes like it der op dat it frouljusalvetal fan It Fean it fjild romje moast om't der net genôch sinten wienen. Of better sein: om't de skulden fan de stichting te grut wiene. Yn blessueretiid gong de gemeente Hearrenfean dochs ta de bûse om it frouljusfuotbal te rêden. Hiel nobel, mar eins ek hiel bryk.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Sa'n lytse hûndert miljoen euro fertsjinnet Ajax mei it aventoer yn de Champions League. Se spylje manjefyk en dit is in prestaasje fan wrâldformaat, dêr wol ik neat fan sizze. Mar hûndert miljoen euro. It is eins net te befetsjen hoefolle jild der om giet yn de fuotbalwrâld. Of moat ik sizze: yn de manljusfuotbalwrâld. Want by de froulju blykt it noch altyd dreech om dyn brea te fertsjinjen mei fuotbaljen. Gjin dikke miljonêrs mei Lamborgini's by it frouljusfuotbal. Dêr komme se noch gewoan mei de bus.

It is en bliuwt bryk: dat manlju hjoed-de-dei noch altyd mear fertsjinje as froulju. En dan doel ik net allinnich op de fuotbalwrâld. Yn folle mear funksjes sjochst dat manlju mear jild krije foar itselde wurk. Yn Nederlân is der noch altyd in saneamde 'loonkloof' fan 8 prosint tusken manlju en froulju, yn it neidiel fan de froulju.

Dêrom kaam Lilianne Ploumen fan de PvdA yn april dit jier mei it wetsfoarstel 'Gelijke beloning voor mannen en vrouwen'. As dizze nije wet yngiet, wurde bedriuwen tenei ferplichte om oan te toanen dat se gelikense leanen betelje. Dogge se dat net, dan folgje der boetes.

Foarstanners fine it in prima plan. Tsjinstanners - meastentiids manlju - roppe dat manlju oare kwaliteiten ha as froulju en dus ek mear fertsjinje meie. In Matthijs van Nieuwkerk hat mear ûnderfining as in Margriet van der Linden en dêrom is it hiel gewoan dat er boppe de Balkenende-noarm fertsjinnet.

Om yn de fuotbalwrâld te bliuwen: Ronaldo en Messi binne neffens de kenners better as Lieke Martens en Sherida Spitse. En dus mei it salaris fan dizze manlju wat harren betreft ryklik boppe dat fan de froulju sitte. Mar ast allinnich al nei de Nederlânske earedifyzje sjochst, dan skrikst toch? Sa leit it salaris fan froulike fuotbalsters tusken de 700 en 2300 euro yn 'e moanne, wylst de manlju sa'n 22.000 euro fertsjinje yn de earedifyzje.

Mar der is hoop. Net allinnich it frouljusalvetal fan SC Hearrenfean waard op it nipperke rêden, ek sjochst dat der hieltyd mear stimmen opgean om bygelyks froulike skiedsrjochters op it heechste nivo fluitsje te litten. De KNVB hat oanjûn dat se yn 2023 froulike skiedsrjochters út Nederlân nei it WK stjoere wol. Yn de Dútske Bundesliga fluitet sûnt 2017 al in froulike skiedsrjochtster op it heechste nivo. En yn Frankryk is der sûnt koart ek in froulike skieds dy't de lieding hat. Mei oare wurden: wy froulju komme der oan.

Ik tink dat dat ús bêste wapen is: wy moatte as froulju gewoan like goed prestearje as it oankomt op kwaliteit. Wy moatte sjen litte dat froulju like goed as manlju in wedstriid fluitsje kinne. Dat wy like goed in bestjoerdersfunksje by in grut bedriuw oankinne. En sels it lân bestjoere kinne. Mei oare wurden: wy moatte as froulju ús mantsje stean."

(advertinsje)