Brânwacht docht ûndersyk nei brân op elektrysk skip Snits

Brânwacht Fryslân sil ûndersyk dwaan nei de grutte brân oan board fan in elektrysk skip oan de Hendrik Bulthuiswei yn Snits ôfrûne sneon. It is noch altyd net krekt dúdlik wêrtroch't de brân feroarsake wurdt. Om't der hieltyd mear elektryske skippen komme, is it goed om te ûndersykjen wat der krekt bard is. "Wy sjogge dit soart boaten hieltyd mear. Dêr moatte we seker wat mei dwaan foar de takomst", fertelt Baukje van der Wal fan de Brânwacht Fryslân.
© Jaring Rispens
Op basis fan de risseltaten fan dit ûndersyk, sil de brânwacht aksje ûndernimme. Van der Wal tinkt bygelyks oan spesjale oefeningen om in brân yn in elektrysk fartúch te bestriden. "Doel is fansels om dit soarte fan ûngelokken yn de takomst foar te kommen."

Grutte ympakt

Fjouwer brânwachtminsken dy't as earste op it skip wienen om de brân te bestriden, rekken ferwûne troch in eksploazje oan board fan it skip. Dat ûngelok hat grutte ympakt op de ploech. "In brânwachtauto rydt mei seis minsken út, wêrfan fjouwer minsken ferwûne rekke binne", fertelt Van der Wal. "Dat hat grutte ympakt op sa'n groep. By de kazerne is it team opfongen en is der neisoarch west foar it team."

Lichtferwûne

Alle fjouwer de ferwûne brânwachtminsken hawwe lichte brânwûnen. Ien fan dizze kollega's is troch de eksploazje tsjin de reling fan it skip fallen en rûn dêrby in blessuere oan de knibbel op.
Baukje van der Wal fan de Brânwacht Fryslân