Josja Haagsma wint Young Butchers Competition

06 maaie 2019 - 06:23

De International Young Butchers Competition yn Frankfurt is in grut sukses wurden foar de 24-jierrige slachter Josja Haagsma fan Nijegea. Se wûn sawol yndividueel as yn teamferbân. Haagsma wûn yn it persoanlik klassemint mar leafst seis bekers. Tegearre mei de Westlandse Tessa Moerland wûn se ek yn teamferbân.

Foto: Omrop Fryslân

Haagsma wurket by slagerij Biesma yn De Pein en hat har dêr tared op de wedstriid. De ynternasjonale fakwedstriid International Young Butchers Competition foar jonge slachters wurdt elts jier hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)