KNRM De Lemmer yn aksje op Iselmar

De rêdingsboaten fan de KNRM op De Lemmer en Urk binne sneintejûn yn aksje kaam foar de triuwboat Sepia. Dy makke wetter by de Rotterdamse Hoek op de Iselmar. Om foar te kommen dat it skip, mei dêrfoar in betonnen bak, sinke koe, is it skip tsjin in daamwand drukt.
KNRM rêdingsboat © Shutterstock.com
De twa opfarrenden binne fan it skip helle en nei de wâl brocht. Der wurdt noch sjoen hoe't it skip rêden wurde kin.