'King of Vlieland' âld-loftmachtfeteraan Jan Linzel (103) ferstoarn

05 maaie 2019 - 21:53

Jan Linzel, âld-baas fan de Flyhors en de âldste Nederlânske loftmachtfeteraan dy't yn maaie 1940 meistriden hat, is yn 'e âldens fan 103 jier ferstoarn yn Ierlân. Dêr wenne er sûnt 1978 mei syn famylje, doe't er fan Flylân nei Glengarriff ferhuze. Dat meldt it Ministearje fan Definsje.

Foto: Ministearje fan Definsje

Linzel wie de lêste noch libjende jachtfleaner dy't yn maaie 1940 meistriden hat tsjin de Dútske loftmacht, de Luftwaffe. Hy wurke sûnt begjin jierren '50 as fjoerliedingsoffisier op de Flyhors. Dat die er oant syn earfol ûntslach yn 1973. Hy wie ferneamd as King of Vlieland.

Flylanner Jan Houter hat yn 2012 in boek oer him skreaun: Oorlogsvlieger Jan Linzel.

Foto: Ministearje fan Definsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)