Elmar Kuiper nei poëzijfestival yn Brussel op Europeeske Taledei

Elmar Kuiper sil yn septimber foardrage op in Europeesk poezyfestival yn Brussel. Op de Europeeske Dei fan de Talen op 26 septimber sil Kuiper it Fryske lûd hearre litte.
© Piet Douma
It is foar de twadde kear dat op Transpoesie in Fryske dichter oanwêzich is. Janneke Spoelstra wie ferline jier de earste Fries. Foar dielname oan it festival hat it Skriuwersbûn in oprop dien. Dêrnei hat in spesjale kommisje út trije kandidaten Elmar Kuiper mei it gedicht 'Myn lân' útkeazen,
Elmar Kuiper (1969) hat fiif Frysktalige dichtbondels op syn namme stean. Hy hâldt him ek dwaande mei Nederlânsktalige gedichten. Dêrnjonken is Kuiper performer-sjonger by de groep Tigers fan Greonterp dêr't er ek lietteksten foar skriuwt. Fierders skriuwt Kuiper foar toaniel, is er byldzjend keunstner en filmmakker en sit er by it ymprovisaasjekollektyf Tsjinlûd.
Transpoesie is in jierliks dichtersfestival organisearre troch EUNIC Brussel, it netwurk fan 'European Union National Institutes for Culture, and its partners'.
It festival belibbet dit jier syn njoggende edysje. It fiert it ferskaat fan talen troch gedichten yn safolle mooglik talen oan it publyk yn Brussel hearre te litten.
Fragmint út 'Myn lân' fan Elmar Kuiper
Wat kin ik jaan as de ljip op myn lân gûlt
aai kwyt, aai kwyt, as myn skries skriemt
as in dichter dy't siik en blyn fan langst
syn âlde lân besjonge wol?
Wat kin ik dwaan as myn lân skoare wol,
mar jankt as in junk om 'e jarre,
as de hûd skuort, de nulle yn 'e ier
it wêzen iepenript?