Benefytkonsert foar troch brân dupearre famylje Sint-Jabik smyt 6500 euro op

05 maaie 2019 - 20:34

It benefytkonsert dat freedtejûn yn discoteek TDF yn Berltsum holden waard, hat 6.500 euro opsmiten. It jild is bedoeld foar mem Anneke de Groot en har fjirtjin pleechbern dy't troch de brân yn harren wenhûs april dakleas waarden.

Foto: Omrop Fryslân

It konsert wie in middel om jild foar de famylje by inoar te krijen. Dat it 6500 euro opsmite soe, hie de famylje net tocht. Se binne posityf ferrast en hiel tankber. Der moat noch in soart barre foar't se wer yn it hûs kinne en dêr is jild foar nedich.

By it konsert treden de bands Rent a Band, the Bankrupt Boys, Rick Onijdes de Vries en Rapapa op. Soan Wouter spile sels ek in nûmerke mei.

Online giet de ynsammelsaksje foar de famylje ek troch. Dêr stiet de teller no op 28.627 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)