Waar falt ta, Befrijingsfestival Ljouwert net sa min besocht as ferwachte

05 maaie 2019 - 20:19

De gebrûklike oantallen sille dit jier net helle wêze, mar de organisaasje fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert is dochs posityf oer it tal minsken dat op it festival ôf kaam. Krekte sifers binne der noch net, mar mei omdat de sinne him mear sjen liet as ferwachte, wie it drok yn Ljouwert, seit Jorrit Volkers fan de organisaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpsta

"Wy sitte wol wat leger as oare jierren", seit Volkers. "Meastal sitte wy om de 80.000 besikers hinne. Dat sille wy no wol net helje. Mar in hiel soad minsken komme der dochs noch op ôf, omdat it waar goed is. Ik hoopje dat wy sa yn de buert fan fan de 60.000 of 65.000 besikers komme. Dat soe moai wêze."

De organisaasje stelde de ferwachtings geandewei de dei nei boppen by. "Sjochst it om dy hinne. By de fytsestallingen is it hartstikke drok", seit Volkers. Hy hat sneintemoarn earst boargemaster Crone ophelle mei in jeep en is mei him nei de Befrijingslunsj gien. Dêr hawwe se de iepening dien en letter hawwe se de rinners út Wageningen ferwolkomme. "Dy hawwe de hiele nacht oan it rinnen west om it Befrijingsfjoer nei Ljouwert ta te bringen." As it fjoer ûntstutsen is yn de Prinsetún is it festival offisjeel iepene.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

"Min waar is it slimste dat ús oerkomme kin. Wy hawwe dat yn 2015 hân. Doe soe der tonger komme en stiene wy foar it beslút: wol of net ûntromje? Dat wie hiel spannend, mar gelokkich hoegde it net, want de bui gie om de stêd hinne."

Foar Volkers wie de iepening mei boargemaster Crone it hichtepunt fan de dei. "It wie foar him de lêste kear. Wy hawwe in soad oan him te tankjen. Troch him hawwe wy de romte krigen as festival en binne wy no in festival wurden foar alle leeftiden."

Jorrit Volkers

(advertinsje)
(advertinsje)