Partoer Gert-Anne van der Bos wint earste frijeformaasjepartij keatsen fan dit seizoen

05 maaie 2019 - 17:46

De earste frijeformaasjepartij fan dit seizoen op it Sjûkelân yn Frjentsjer is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Yn de finale mei alles oan de hang mei 5-5 en 6-6 fersloegen sy it trio Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

Foto: Henk Bootsma

Op 5-5 en 6-6 sloech Bauke Triemstra bûten en miste it perk. Syn partoer hie de hiele partij foar stien. Mei skjinne fjouwer earsten liken se by 5-3 en 6-6 de winst te pakken, mar doe ferraste de lettere kening Tjisse Steenstra Hendrik Kootstra achteryn it perk.

De tredde priis wie foar it partoer fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Sy giene yn in spannende heale finale op fiif earsten gelyk en skjinne seis (6-0) ûnderút tsjin de lettere winners, Gert-Anne van der Bos en dy.

Foto: Screenshot KNKB

De lêste slach fan it keatsen yn Frjentsjer fan snein

(advertinsje)