Frans Timmermans earegast op Ljouwerter Befrijingslunsj

05 maaie 2019 - 16:12

"Bijzonder inspirerend", neamde eurokommissaris Frans Timmermans út Limburg syn besite oan de Befrijinglunsj mei in lytse fjouwerhûndert Fryske senioaren yn it Friesland College yn Ljouwert.

It grutste part fan de 370 oanwêzigen hat de Twadde Wrâldoarloch noch meimakke as bern, as jongfeint of as jonge frou. Sy krigen in lunsj en in programma mei muzyk út de jierren '40 oanbean. De byienkomst waard iepene troch frijwilliger en gemeenteriedslid Lutz Jacobi, troch boargemaster Ferd Crone en troch earegast Frans Timmermans.

Tour de Frans

De fize-foarsitter fan de Europeeske Kommisje is as 'Spitzenkandidat' fan de sosjaaldemokraten dwaande mei in 'Tour de Frans' troch hiel Europa. Hjir besocht er út de partijpolitike sfear te bliuwen. "Bevrijdingsdag is enorm belangrijk voor mij. Het is in de kern waar Europa over gaat: vrijheid en democratie, maar ook open staan voor mensen die anders denken."

Fryslân as foarbyld

Yn Europa neamt Timmermans Fryslân wolris as foarbyld, seit er: "Patriottistisch en eigenzinnig, zonder jullie af te zetten tegen anderen, dat vind ik mooi."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ik stem niet meer, omdat ik het niet meer kan zien.

Frou Kossen (101) út Stiens

De oanwêzige âlderen reagearren hiel ferskillend op it optreden fan Timmermans. "Ik kende hem niet, maar ik vind hem wel aardig, geloof ik", sei de 101-jierrige frou Kossen út Stiens. Sy wiksele mei Timmermans fan gedachten oer it ferset, dêr't har man yn siet, oer de bern en oer it Nederlân fan no. "Ik vind dat het nu wel goed gaat met ons land. Dat wilde ik hem ook vertellen."

De eurokommissaris hie it dúdlik wol nei 't sin tusken de âlderein. "Het is de generatie die ons land heeft opgebouwd. Ze zitten vol verhalen en ze willen meegeven dat we problemen gezamenlijk moeten oplossen. Zeer inspirerend." De stim fan frou Kossen krijt er lykwols net. "Ik heb altijd gestemd. Maar ik moet nu verstek laten gaan, omdat ik het niet meer kan zien."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De listlûker fan de PvdA hie ek in goed sin, omdat neffens de lêste politike peilingen de partijen PvdA, Forum voor Democratie, VVD en GrienLinks dwaande binne mei in nekke-oan-nekkerace by de Europeeske ferkiezings. Omdat de PvdA no better skoart as by de steateferkiezings, wurdt sels al praat oer in 'Frans Timmermanseffect'. Betûft campaigner Lutz Jacobi wol net te betiid jûchhei roppe. "It libbet absolút noch net, dy Europeeske ferkiezings, en dat makket it hiel ûnfoarspelber."

Juncker opfolgje

Timmermans wie op Befrijdingsdei oardel oere yn Ljouwert om oanslutend troch te reizgjen nei Assen en Grins. De Limburger hat grutte ambysjes. Hy wol de Lúksemboarger Juncker opfolgje as foarsitter fan de Europeeske Kommisje en is dêrom troch hiel Europa op kampanje. Ljouwert is in tuskenstop op in wikenlange reis dy't him fan Poalen oer Maastricht, nei Dútslân en Malta bringt.

Yn Ljouwert wiene lang net alle senioaren dêrfan op de hichte. "Hy komt my wol bekend foar fan tillefyzje, mar ik koe net alles ferstean wat er sei", sei in dame út Oerterp. Ynfloed op har stimgedrach hat it optreden net. "Ik bliuw by it CDA." Walsweer fan Stiens fûn it optreden fan de PvdA-politikus 'te polityk foar Befrijingsdei'. "In Befrijdingslunsj heart boppe de partijen te stean. It wie my no wat tefolle in PvdA-feestje."

Wachtlist

By it Befrijingsfestival binne se tige wiis mei de Befrijingslunsj as feestlike aktiviteit foar de âldere senioaren. It evenemint hat noch hieltyd in wachtlist foar senioaren dy't graach oanskowe wolle.

Takom jier wer Kanadezen?

Der wurdt no al neitocht oer plannen foar 5 maaie 2020. It is it doel om dan, lykas ferline jier, in keppel Kanadeeske feteranen mei harren famylje nei Fryslân te heljen. Dat waard altyd ien kear yn de fiif jier dien, mar fanwege de hege âldens fan de feteranen, dy't allegearre yn 'e njoggentich binne, wurdt dat as it heal kin yn 2020 foar it lêst organisearre.

Frans Timmermans

(advertinsje)
(advertinsje)