FOTO'S: Sa fiert Fryslân Befrijingsdei 2019

05 maaie 2019 - 15:55

Fris, mar dochs gesellich drok. Ut en troch de sinne derby, mar ek in snjitterke rein. In seleksje foto's út Ljouwert, Dokkum en Stiens.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpsta

Ljouwert

Yn Ljouwert kamen goed 75.000 besikers nei it Befrijingsfestival. Op meardere poadia wiene optredens fan hiel ferskillende artysten. Njonken it haadpoadium by de Aldehou wie der noch in twadde haadpoadium, dat fan Noardewyn yn de Arendstún. By beide wiene in soad minsken.

Dokkum

Ek yn Dokkum waard Befrijingsdei folop fierd. Sa'n fjirtich âlde legerweinen fan Keep them Rolling rieden troch de stêd. Ek wie der folop muzyk, mei as slotact it optreden fan Johannes Rypma en de band de Bounty Hunters.

Stiens

Ek yn Stiens waarden de besikers traktearre op in besite fan ferskate oldtimers út de oarloch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)