Boek 'Droppingsveld Wardrobe' moat oarlochferhalen libjend hâlde

05 maaie 2019 - 15:13

It boek Droppingveld Wardrobe fan Hessel Bouma út Hoarnstersweach wurdt sneintejûn op Befrijingsdei yn de PKN-tsjerke fan Aldeboarn presintearre. It is Bouma syn fjirde boek oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. Troch syn eigen ûnderfining as bern is Bouma begûn mei skriuwen. Yn syn famylje binne minsken fusillearre en syn heit en pake wiene ek slachtoffer fan de nazys. Se oerlibben de oarloch mar krekt.

Foto: Hessel Bouma

Bouma wie in jonkje fan fiif jier doe't de Dútsers de pleats fan syn heit en mem oerfoelen. Hy sjocht noch foar him hoe't er as pjut op it bankje siet, doe't de hûn lûd begûn te blaffen en in SS'er it pistoal op de Sint Bernhardhûn rjochte. Lytse Hessel sprong foar de hûn en sei: "Dat mei net." Dêrop liet de Dútser de hûn gewurde.

De mem fan Hessel stie deadsangsten út. Bouma wit ek noch dat se tsjin him sei doe't de Dútsers deroan kamen, "Heit is der net"! Dy wie op 'e flecht. Letter waard er wol pakt, lykas ek pake. It gelok fan beide manlju wie dat de Kanadezen frij gau as befrijers kamen. Heit is yn Grinslân rêden en pake is ûntset út de finzenis fan Snits. Twa sweagers waarden fusillearre. In trauma yn de famylje bleau it.

It boek oer wapendroppings yn WO2 - Foto: Simone Scheffer

Pas doe't er wat âlder wie, begûn Bouma mei syn útsykwurk oer de oarloch. Dêrfoar waard der eins net safolle oer praat. Neffens him wiene in soad fersetsminsken lykas ek syn heit nei de oarloch desyllúzjonearre en teloarsteld. In soad binne dan ek rjochting Kanada gien. Hessel Bouma syn heit woe dat ek, mar dat slagge net.

De Deelen

Bouma syn lêste boek giet oer wapendroppings yn Fryslân. Ien dêrfan hat er hielendal útsocht. Alle nammen fan de fersetsminsken dy't by de dropping belutsen wiene, hat er achterhelle. Net ien fan de manlju libbet mear, mar neibesteanden fûnen it hiel moai dat Bouma it ferhaal boppe wetter helle hat.

De dropping yn De Deelen fan begjin 1945 hie hiel wat fuotten yn de ierde en wie in gefaarlike misje fan it ferset en de alliearden. It gie net samar en dizze dropping fan wapens waard ek in pear kear útsteld. Dan stiene de manlju te wachtsjen, mar der kaam neat.

Yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris wie it wol safier. Fyftjin konteners mei wapenark kaam del. Dêrnei begûn it gefaarlikste fan de dropping: it feilichstellen en útsuteljen. Der wiene trije rûtes dêr't de wapens hinne giene. Yn it boek stiet beskreaun wat der goed en wat der mis gie.

Foto: Simone Scheffer

Foar Bouma is it skriuwen oer de oarloch in misje. Hy wol troch middel fan syn boeken warskôgje. Yn dizze tiden fan polarisaasje fynt er it wichtich dat de ferhalen libjend bliuwe. Sneintejûn docht er dat by de presintaasje yn de tsjerke fan Aldeboarn opnij. It begjint om 20 oere. Bouma is ek dwaande mei in nij boek. Wêr't dat oer giet, is noch geheim.

Hessel Bouma en Hans Groeneweg

(advertinsje)
(advertinsje)