Jonkman fan LF2018 lilk op Ljouwerter polityk

05 maaie 2019 - 14:12

Immie Jonkman fan de organisaasje fan it kulturele jier LF2018 is ferbjustere oer de minne belangstelling ferline wike fan riedsleden yn Ljouwert foar in gearkomste oer de kultuernota fan de gemeente.

Immie Jonkman - Foto: Jort Klarenbeek

Der wie in spesjale gearkomste organisearre om riedsleden te ynformearjen fan út ferskate kulturele organisaasjes. Dy hiene allegearre sprekkers regele.

Ik bin der ûngelooflik lilk oer, ha we de ôfrûne jierren foar Jan mei de koarte achternamme safolle enerzjy yn kultuer stutsen?

Immie Jonkman

De gearkomste waard lykwols ôfsein, omdat ynearsten mar trije riedsleden harren oanmelden hiene om te kommen. "Ik wit net wat der in de aginda's fan de riedsleden stie, mar ik bin hjir ûngelooflik lilk oer. Wy ha net foar Jan mei de koarte efternamme al die jierren oan it wurk west om sjen te litten wat de effekten fan kultuer binne, om sjen te litten wat kultuer betsjutte kin foar minsken en ekonomy."

Net te begripen

Neffens Jonkman is de gong fan saken skandalich. Se begrypt net dat de politike partijen yn Ljouwert it sa maklik ôflitte witte op it momint dat se bypraten wurde kinne oer de plannen en ideeën yn de kulturele wrâld. Immie Jonkman sei dat yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Se freget har ôf hoe't it kin dat nei safolle sukses fan kultuer ferline jier, dat safolle opsmiten hat foar de Fryske en Ljouwerter mienskip, riedsleden net de muoite nimme om dêr mei fierder te gean.

Mirka Antolovic - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Riedslid foar de PvdA Mirka Antolovic wie ek te gast yn Buro de Vries. Sy fynt it ek spitich dat de gearkomste net trochgie mar hat net de yndruk dat de ried fan Ljouwert net ynteressearre is yn kultuer.

Neffens har wiene der wol mear riedsleden dy't komme woene, mar ha dy harren net oanmelden. Se seit dat oare gearkomsten oer kultuer yn Ljouwert wol drok besocht binne troch politisy út de stêd. Ein maaie is der in twadde kâns. Dan is der wer in gearkomste pland.

Immie Jonkman en Mirka Antolovic oer de gearkomst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)