Jacques Monasch fynt horloazje fan yn Auschwitz ombrocht famyljelid

Ald-Twadde Keamerlid Jacques Monasch út Snits hat in bysûnder horloazje kocht. In bûshorloazje mei de ynskripsje L.E. Monasch, Kipstraat 80, Rotterdam. It is in horloazje fan in fier famyljelid dy't yn de Twadde Wrâldoarloch nei Auschwitz brocht waard, en nea werom kaam is.
© Facebook Jacques Monasch
Monasch wist net fan it bestean fan dit horloazje ôf, oant hy in tip krige fan ien. It horloazje soe feild wurde. Doe hat Monasch kontakt opnommen mei de oanbieder. "Toen heb ik het gekocht voor de prijs waarvoor het op dat moment op de veiling stond en nu is het in mijn bezit, en dat blijft het ook", seit er resolút.
Eliazer Monasch wie in juwelier en in horloazjemakker yn Rotterdam. Nei alle gedachten sil it horloazje fan him ôfpakt wêze doe't er ôffierd waard nei it konsintraasjekamp Auschwitz.
© Facebook Jacques Monasch
It docht Monasch in soad dat der in famyljestik út dy tiid werom is. Eliazer wie in broer fan syn oerpake, dy't de oarloch wol oerlibbe hat en dy't hy sels noch kent hat. Fan de njoggen bern út it gesin fan syn oerpake, binne der seis omkommen yn ferskate konsintraasjekampen.
Monasch pleatste in foto fan it horloazje op sosjale media. Der wiene in soad reaksjes fan minsken dy't it spitich fûn dat it horloazje kocht wurde moast. "Dat is ook wel het droevige, maar ik ben er ook niet op gaan aandringen. Ik was blij dat het er weer was. Ik heb er niet lang bij stilgestaan, ik vind het belangrijker om te hebben."
Jacques Monasch oer it horloazje en syn famylje