'De beul fan Amersfoort' ferbynt twa Friezen

05 maaie 2019 - 12:04

De 96-jierrige Foppe Dupon fertelt syn oarlochsferhaal yn dizze tiid fan it jier in pear kear yn 'e wike oan groepen skoalbern. It ferhaal beslacht in goed jier: fan jannewaris 1944 oant de befrijing yn 1945. Dupon siet yn 1944 ûnderdûkt, omdat er net nei Dútslân woe om te wurkjen foar de Dútsers. Op nijjiersdei doart er it oan om in kuierke te meitsjen. Dat rint ferkeard ôf.

Foppe Dupon - Foto: Omrop Fryslân

Dupon wurdt ûnder syn kuierke besketten troch Dútsers en rekket swier ferwûne yn it sikehûs. Hy dûkt wer ûnder, mar wurdt ferret en fêstnaam.

Sadist

Nei't er tsien dagen yn de finzenis yn Ljouwert sitten hat, wurdt er oerbrocht nei kamp Amersfoort. Dêr makket er ferskriklike dingen mei. Foaral de heechste baas fan it kamp, Joseph Kotälla is tige wreed: "dat wie gjin minske, echt net. It wie in sadist."

As er dat seit, knikt syn maat Jack Kooistra. De beide manlju kenne inoar pas sûnt begjin dit jier, doe't se by inoar brocht waarden troch Gariper Gjalt Wijmenga. Wijmenga kent beide mannen goed en tocht dat se goed mei inoar prate kinne oer de oarloch. Dat hat er goed tocht, want sûnt dy earste moeting binne se freonen. De wrede Kotälla ferbynt harren.

Gjalt Wijmenga - Foto: Omrop Fryslân

Nei de oarloch is Kotälla finzen nommen. Hy krige libbenslang en siet yn de koepelfinzenis fan Breda. Jack Kooistra hie tsjinne yn Ynje en wie doe't er weromkaam by de plysje gien. Hy wurke as sadanich yn de finzenis fan Breda en moast Kotälla bewake. "Kotälla wie de grutste sadist dy't ik ea tsjinkommen bin. Wy waarden alle dagen warskôge om fatsoenlik te bliuwen, mar as ik him foar myn loop krigen hie, hie ik him deasketten", seit er fûl.

Jack Kooistra - Foto: Omrop Fryslân

Foppe Dupon en Jack Kooistra oer Kotälla

It petear mei Foppe Dupon en Jack Kooistra is de lêste yn in rige reportaazjes oer it ûnbidich grutte persoanlike argyf dat Jack Kooistra oer de oarloch hat. Dat argyf omfiemet 180.000 kaartsjes mei de data fan oarlochsslachtoffers. Kooistra hat ek in soad oarlochsmisdiedigers opspoard. Hy wurdt ek wol de Fryske Wiesenthal neamd.

(advertinsje)
(advertinsje)