'Mei Douwe' wer mei Douwe

Radiopresintator Douwe Heeringa is wer te hearren by Omrop Fryslân op de radio. De presintator fan Op & Ut op sneon en Mei Douwe op snein hat der in heal jier út west. Snein hat er foar it earst wer Mei Douwe presintearre, dêr betanke hy elkenien foar harren stipe en seit dat er bliid is om werom te wêzen.
© Omrop Fryslân
Heeringa sil no earst elke snein it muzykprogramma Mei Douwe presintearje. Wannear't er weromkomt by Op & Ut is noch net bekend.
By de Omrop kamen alle wiken in soad telefoantsjes binnen mei de fraach wannear't Douwe wer te hearren wie. Harkers binne dan ek tige optein dat Douwe werom is.
Douwe hat in soad stipe krigen fan de harkers. "Ik woe de minsken tige tank sizze foar de steapels mails, brieven, kaartsjes, briefkes ûnder de rutewisker fan de auto, want dat docht je hiel goed."
Douwe Heeringa wer te hearren by Omrop Fryslân