Jild stellen neidat dieders harsels hûs binnen praten ha yn Burgum

05 maaie 2019 - 10:28

Ut in hûs oan de Simmerdyk yn Burgum is sneontejûn jild stellen. De dieders wisten harsels it hûs yn te praten, mei in saneamde 'babbeltruc'. Yn earste ynstânsje gie it om in frou, letter kamen dêr noch in frou en in man by. Hoefolle jild de dieders stellen ha, is net bekend.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

Se naaiden út yn in swarte stationwein. De plysje is noch op 'e syk nei de dieders. Wa't mear oer har wit wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
stellerij Burgum jild
(Advertinsje)
(Advertinsje)