Dochs ferwûnen by eksploazje op skip yn Snits

De brânwacht fan Snits is sneontejûn bot skrokken, nei't by de brân op in skip oan de Hendrik Bulthuisweg yn Snits, fjouwer brânwachten troch in eksploazje fan it skip slein binne.
Grutte skipsbrân yn Snits ûnder kontrôle
Nei't de brânwacht melding krige dat it om 'n skip gie dy't foar in part elektrysk wie, hâlden se al rekken mei mooglik eksploazjegefaar. Doe't se oankamen seagen se gjin flammen, mar wol in soad reek, seit brânwacht Snits.
Nei kontrôle en foarsoarchsmaatregels, ha se earst fan ôfstân in rút ynslein om gefaarlike gassen frij te litten. Doe't der neat barde, besletten fjouwer brânwachten de tagongsdoar fan de boat iepen te meitsjen en waard mei in waarmtekamera kontrolearre.
Dêrop seagen se neat. Mar doe kaam der in grutte eksploazje. Twa fan harren waarden troch de krêft fan de eksploazje fan it efterdek slein en kamen yn it wetter telâne. De oare twa waarden tsjin de reling fan it skip smiten.
De brânwachten koene fluch út it wetter helle wurde en binne lichtferwûne rekke.
© Jaring Rispens