Lachgas net tastien op Befrijingsfestival

Minsken dy't lachgasballontsjes by harren ha, komme it terrein fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert net op. Dat seit de organisaasje tsjin de NOS.
By it Befrijingsfestival yn Ljouwert waarden minsken fûiljearre op lachgas © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De organisaasje sil der strang op kontrolearje. Trochdat in grut part fan it terrein foar jonge bern ynrjochte is, binne der minder yngongen as ferline jier. Dêrtroch kin de organisaasje makliker kontrolearje.
Lachgas wurdt hieltyd faker brûkt. Benammen by jongerein is it in populêr middel. Lachgas sit yn in patroan, dy't faak yn in ballon lege wurdt. Minsken sykhelje fia de ballon it gas yn. It gebrûk fan lachgas is net ferbean, de patroanen binne legaal te ferkrijen.