Sakeklup Trynwâlden yn konflikt mei doarpsbelang om bedriuweterrein

Sakeklup Trynwâlden is yn konflikt rekke mei doarpsbelang Oentsjerk nei oanlieding fan de plannen foar it bedriuweterrein Sanjesfjild oan de Sanjesreed yn it doarp. Doarpsbelang hat frege de plannen, dy't 10 jier âld binne, 'on hold' te setten, om't net elkenien him noch fine kin yn dizze plannen. Neffens de sakeklup wie krekt Doarpsbelang inisjatyfnimmer fan de plannen en is der bot ferlet fan in bedriuweterrein.
© Google streetview
De plannen foar it bedriuweterrein binne yn 2009 makke en yn 2010 waard it 'einplan' presintearre. Dat wie yn gearwurking mei Doarpsbelang Oentsjerk, Doarpsbelang Gytsjerk, Sakeklup Trynwâlden en gemeente Tytsjerksteradiel.
De kavels moasten allegearre ferkocht wêze, foardat der boud wurde mocht. Fanwegen de ekonomyske krisis wie der doe net folle belangstelling. No't de tiden better binne, binne de plannen wêr nei boppen helle. Neffens de sakeklup is der no wol ynteresse en binne hast alle kavels al reservearre. De gemeente hat in foarstel publisearre om de bestimming fan de grûn te wizigjen, sadat der in boubestimming op komt. Nei alle gedachten wurdt dêr yn juny in beslút oer naam.

Plannen tydlik stop sette

It doarpsbelang Oentsjerk hat wethâlder Gelbrig Hoekstra fan gemeente Tytsjerksteradiel no frege om dizze plannen tydlik stop te setten. Neffens harren hat it tsien jier stil west en wurde de âlde plannen no wer oppakt, mar wurdt it doarpsbelang net belutsen. De omwenners en doarpsbewenners soene der no oars tsjinoer stean, seit doarpsbelang. Neffens har binne der soargen oer ferkearsfeiligens, miljeu, feroaring fan it lânskip en sa mear. Doarpsbelang wol graach op 'e nij yn petear mei alle belutsenen.