Grutte skipsbrân yn Snits ûnder kontrôle

De brânwacht is sneontejûn manmachtich útriden nei in skipsbrân oan de Hendrik Bulthuiswei yn Snits. It gie om in grutte brân, dy't nei alle gedachten feroarsake is troch in ûntploffing oan board fan it skip. It giet om in elektrysk skip; fanwegen de akkupakketten oan board wie it dreech om de brân folslein út te krijen.
Grutte skipsbrân yn Snits ûnder kontrôle
De brânwacht hat it skip ûnder kontrôle útbrâne litten. Der is net ien ferwûne rekke.
By de brân kaam in soad reek frij; minsken dy't yn 'e omjouwing wenje waard frege ruten en doarren ticht te hâlden. By it dwêsten kaam in soad wetter yn it skip, dêrtroch is it skip sonken.

Traumahelikopter

Njonken de brânwachtminsken fan Snits wiene ek de korpsen fan De Jouwer en Drylts oanwêzich. Ek in traumahelikopter waard oproppen.
© CAMJO Media