Skater Ruurd Dijkstra tredde yn Heerde op Holland Cup

04 maaie 2019 - 22:06

Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde is sneontejûn tredde wurden op de Holland Cup ynline-skaten yn Heerde. Nei in rap begjin en in moaie oanfal helle er úteinlik alve punten, wat him it tredde plak opsmiet. De Portugees Diogo Marreiros waard earste en it twadde plak wie foar Daniël Nièro út Italië.

Foto: Neeke Smit

Foar Maya de Jong fan Haulerwyk wie der in fjirde plak yn Heerde, op 'e puntekoers. Se stie in skoft op it tredde plak efter wrâldkampioene Francesca Lollobrigida en de úteinlike winner fan de koers: Sandrine Tas.

Yn de lêste sprint waard se dochs noch foarby riden troch Anna van den Bos.

(advertinsje)
(advertinsje)