Provinsjale betinking yn de Prinsetún, foar it lêst mei boargemaster Crone

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat yn syn lêste betinkingstaspraak, sneon by de provinsjale betinking, omtinken jûn oan de kweajongesstreek by it Vossepark yn Ljouwert. Yn de Twadde Wrâldoarloch hongen dêr buorden mei 'Verboden voor Joden' by de yngongen fan it park.
© Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
Op 11 april 1942 ûntdutsen patrûljearjende aginten dat de buorden ferdwûn wiene. In learling hie de buorden fuort helle. De Dútsers seagen dat as fersetsdied. Ut wraak waarden tsien Joaden oppakt en fêstset.

Lêste taspraak fan Crone

It is foar Ferd Crone syn lêste betinkingstaspraak as boargemaster fan Ljouwert. Crone nimt dêrnei foar syn partij, de PvdA, sitting yn de Earste Keamer. Op 16 maaie wurdt syn opfolger as boargemaster fan Ljouwert bekend. Crone wol syn opfolger graach meijaan dat betinke tige wichtich is, en dat frijheid net fanselssprekkend is.
Hy rôp dêrom ek de boargers op om altyd iepen te stean foar in petear, altyd nijsgjirrich te wêzen nei wa't de buorlju binne en wat harren driuwfearen binne. Crone hopet dat minsken út harren eigen 'bobbel' fan Facebook en Instragram komme en harren net opslute yn harren eigen mienskip.
De folsleine taspraak fan boargemaster Ferd Crone
© Omrop Fryslân, Sybren Terpstra