Froulju Huzum winne yn Frjentsjer, Berltsum wint earste junioarepartij

04 maaie 2019 - 21:01

De keatsfroulju fan Huzum, Manon Scheepstra, Nynke Sijbrandij en Anna-Dieuwke Dijkstra, hawwe sneontemiddei de ôfdielingspartij yn Frjentsjer wûn. Yn de finale waard Easterein, mei Imke van der Leest, Sietske Okkema en Jeska Terpstra, mei 5-5 en 6-6 oan 'e kant set. De froulju fan Ie mei Metsje Sipma, Aukje van Kuiken en Louise Krol einigen úteinlik op it tredde plak. Keninginne waard Manon Scheepstra.

Foto: Henk Bootsma

Corné Tuinenga, Patrick van Dellen en Wytze Wassenaar hawwe sneon yn Peins de earste wedstriid yn de junioare-kategory wûn. De keatsers út Berltsum wûnen yn in spannende finale (5-5 en 6-6) fan Boalsert mei Julian Faber, Jelle Cnossen en Menno Galama. De tredde priis wie foar de ôfdieling Bitgum.

Nije junioare-kompetysje

De wedstriid telt noch net mei foar de nije junioare-kompetysje, dy't dit jier foar it earst ferkeatst wurdt op inisjatyf fan de PC en it keatsbûn KNKB. Takom wike sneon keatse de junioaren in troch-mekoar-lotsjen-partij yn Sint-Jabik. Dat is de earste wedstriid dy't meitelt foar it punteklassemint.

De bêste keatsers yn dat klassemint spylje op freed 26 july yn in finalepartij op it Sjûkelân yn Frjentsjer. In sponsor stelt foar trije winners in keatsseizoen lang in auto beskikber.

Foto: Omrop Fryslân, Jacob Stelwagen
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer Peins
(advertinsje)
(advertinsje)