LDODK allinne oan kop yn eareklasse nei oerwinning op KV Tempo

04 maaie 2019 - 20:13

LDODK hat sneontemiddei ek it twadde duel nei de ferfetting fan it fjildseizoen wûn. Op De Gordyk wie de Fryske kuorbalploech mei 25-14 te sterk foar KV Tempo út Alphen aan den Rijn.

Argyffoto LDODK - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

De besikers út Súd-Hollan slaggen der yn de earste helte noch yn om yn de buert fan de ploech fan trainer Henk Jan Mulder te bliuwen. By it skoft wie de stân 12-9 yn it foardiel fan LDODK. Yn de twadde helte gie it gas derop by de Fryske ploech. Healweis it twadde part fan de wedstriid wie it gat acht punten: 19-11. Yn de slotfaze rûn LDODK úteinlik noch út nei 25-14.

Klassemint

LDODK giet no, mei noch fjouwer wedstriden te gean, mei twa punten ferskil allinne oan kop yn 'e eareklasse. Nûmer twa DOS'46 út Nijeveen ferlear sneontejûn yn eigen hûs mei 13-15 fan nûmer trije Fortuna. De nûmers ien en twa pleatse har úteinlik foar de play-offs om it kampioenskip.

Op takom wike snein komt LDODK wer yn aksje yn de eareklasse. Yn Amsterdam is AW/DTV dan de tsjinstanner.

(advertinsje)