Oarlochsslachtoffers betocht by Koarnwertersân

04 maaie 2019 - 20:03

Wylst de auto's op de Ofslútdyk gewoan trochraasden, waard by it Kazemattenmuseum op Koarnwertersân sneontejûn stil stien by de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Net om acht oere, lykas op de measte oare plakken, mar al om seis oere.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De betinking by it Kazemattenmuseum hat dan ek wol in wat bysûnder karakter. Sa binne der fertsjintwurdigers by fan alle ûnderdielen fan definsje. Ek de kommissaris fan de Kening is der alle jierren by, lykas de boargemaster fan Súdwest-Fryslân.

Hûndert minsken

Neist de offisjele fertsjintwurdigers kamen der nochris in lytse hûndert minsken op de betinking ôf.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by de betinking

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)