Hurdfytser Marten Kooistra twadde yn beloftekoers Nations Cup

04 maaie 2019 - 19:34

Hurdfytser Marten Kooistra fan Jonkerslân is sneontemiddei twadde wurde yn de fjirde wedstriid fan de Nations Cup. De 21-jierrige Kooistra moast yn de beloftekoers de winst litte oan Alexander Konychev út Italië.

Foto: Orange Pictures

Michele Gazzoli en Alberto Dainese, ek út Italië, einigen respektyflik as tredde en fjirde yn de koers oer yn totaal 180 kilometer.

Ferline jier oktober wûn Kooistra noch op yndrukwekkende wize de klassiker Parijs-Tours by de beloften.

(advertinsje)
(advertinsje)