Flinke botsing mei twa auto's op De Westereen

04 maaie 2019 - 19:06

Op de Foarstrjitte yn De Westereen binne sneontemiddei twa auto's op elkoar botst. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De beide auto's hawwe flink wat skea oprûn troch de klap.

Foto: Srfotografie

De bestjoerders binne kontrolearre troch personiel fan de ambulânse. Hoe't it krekt mei harren giet, is net dúdlik. In berger hat de auto's dêrnei fuort sleept.

Trefwurden: 
ûngelok De Westereen botsing
(advertinsje)
(advertinsje)