Beitske Visser fjirde yn earste race W Series op Hockenheimring

04 maaie 2019 - 17:22

Beitske Visser fan Twellingea is sneontemiddei as fjirde finishe by de earste race fan de W Series, de nije autosportklasse wêryn't allinnich froulju race. Visser wie yn Hockenheim yn Dútslân as achtste starten en ried tûk nei foaren, mar it poadium wie net helber.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

De Britske Jamie Chadwick wûn de race. De W Series is opset om de stap nei de Formule 1 makliker te meitsjen foar froulju. By de trainingen fan freed siet Visser der ek al goed by.

W Series

De 24-jierrige Beitske Visser hat in swiere seleksje trochstien om meidwaan te meien yn de W Series. Der steane dit earste seizoen seis races op it programma. Ien dêrfan sil wêze op it TT Sirkwy fan Assen, op 20 july.

Trefwurden: 
racen Beitske Visser W Series
(advertinsje)