Sneonsfuotbal: VV Bûtenpost ferliest thús fan Staphorst, ONS ek ûnderút

04 maaie 2019 - 16:52

De fuotballers fan VV Bûtenpost hawwe sneontemiddei yn eigen hûs ferlern fan VV Staphorst. Op sportpark de Swadde yn Bûtenpost waard it úteinlik 0-2 foar de besikers. Yn de tredde difyzje ferlear ek ONS Snits sneontemiddei op it eigen fjild. Jong FC Grins wie mei 0-1 te sterk. Harkemase Boys pakte yn blessueretiid in punt yn Groesbeek; tsjin Achilles '29 waard it 1-1.

Stockfoto fan VV Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

Al yn de twadde minút fan de wedstriid kaam Staphorst op foarsprong. In skot fan Mike Reuvers bedarre yn 'e goal. Krekt foar it skoft makke Robin Huisman de Jong hast lyk, mar de bal kaam tsjin de ûnderkant fan de latte. Healwei de twadde helte makke Pim de Jonge dien wurk foar Staphorst mei in kopbal út in frije traap.

Ek ONS ûnderút

Foar ONS Snits wie der sneontemiddei in matich ferlies tsjin Jong FC Grins. De thúsploech koe gjin grutte kânsen kreëarjen. Dochs kaam Jong FC Grins pas let yn de twadde helte op foarsprong. Stuart Ritchie skoarde yn de 79ste minút úteinlik it winnende doelpunt.

Harkemase Boys

Op besite by Achilles '29 yn Groesbeek pakte Harkemase Boys ûnder lieding fan Klaas Schotanus in punt. Schotanus, dy't de opstapte Tieme Klompe it fierdere seizoen ferfangt, seach syn ploech úteinlik 1-1 spylje.

De twa doelpunten foelen yn de twadde helte. Kevin Schmidt sette Achilles mei in kopbal op foarsprong yn de 67ste minút. Lange tiid like it derop dat Harkemase Boys ferlieze soe, mar Berwout Beimers skoarde yn blessueretiid noch: einstân 1-1.

Bûtenpost bliuwt troch it ferlies op 28 punten stean yn de haadklasse. Yn de tredde difyzje soarge de nederlaach fan ONS net foar in legere stân op 'e ranglist. De Snitsers bliuwe trettjinde yn de tredde difyzje. Harkemase Boys docht it better en stiet no fiifde, mar dat kin noch feroarje.

(advertinsje)