Kitesurfers yn 'e problemen by Warkum, mar feilich ophelle troch rêdingsboat

04 maaie 2019 - 16:22

De rêdingsboaten fan Hylpen moasten sneontemiddei yn aksje komme foar twa kitesurfers. Sy wiene by Warkum yn de problemen kaam nei't se tsjin inoar oan fearen.

Foarbyldfoto fan de rêdingsboat yn akjse - Foto: Shutterstock.com

De slachtoffers binne net ferwûne rekke en koene oan board helle wurde. Ek in tredde persoan, dy't de slachtoffers helpe woe, is troch de rêdingsboat meinommen en nei de wâl brocht.

Alle belutsenen binne yn goeie sûnens.

(advertinsje)
(advertinsje)