Slagge benefytkonsert foar troch brân dupearre famylje Sint-Jabik

Meardere bands út de omkriten fan Sint-Jabik spilen freedtejûn in benefytkonsert yn diskoteek TDF yn Berltsum. It konsert is in middel om jild by inoar te krijen foar de dupearre famylje út Sint-Jabik, dy't healwei april harren wenpleats yn flammen opgean seagen.
Benefytkonsert pleechgesin Sint Jabik
Mem Anneke de Groot en har fjirtjin pleechbern rekken troch de brân dakleas. Soan Wouter de Groot wie by it konsert en spile sels ek in nûmerke mei. Hy is wiis mei de organisaasje fan de jûn om't der noch in soad barre moat en dêr is jild foar nedich.

"Tijd voor een feestje"

"De insteek van de organisatie is ten eerste een leuk feestje en ten tweede hopen we ook dat er wat leuks uitkomt. Het was ook wel tijd voor een feestje, na twee weken eindelijk eens iets positiefs", seit Wouter.
Minsken koene op de jûn donearje troch in bydrage yn in pot te dwaan. Online giet de ynsammelsaksje foar de famylje ek troch. Dêr stiet de teller no op 28.512 euro.
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek wie by it konsert
© Omrop Fryslân