Eigen plak foar takomstige brânwacht Aldegea

04 maaie 2019 - 12:49

Yn Aldegea (Smellingerlân) is sneontemoarn in tydlike brânwachtkazerne iepene. De kazerne is bedoeld foar de nije blusgroep dy't Aldegea kriget. Dat korps sil bestean út goed tweintich doarpsbewenners dy't dêrfoar fan heal maaie ôf in oplieding folgje sille. Doel is dat sy fan 2022 ôf gebrûk meitsje kinne fan in permaninte kazerne.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De tydlike kazerne waard iepene troch boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân. Hy ûntbleate in boerd. Op it tydlike plak kinne de brânwachtmeiwurkers oefenje, inoar moetsje en kin de tankspuitauto stald wurde. De iepening wie by de earste teamdei fan it nije korps. Dy is bedoeld om better mei inoar yn 'e kunde te kommen.

It korps yn Aldegea komt der nei in oprop fan de Veiligheidsregio foar frijwilligers. Der melden har goed fjirtich minsken, dêr't nei in seleksje sa'n tritich fan oer bleaune. In grut diel fan har begjint meikoarten mei de oplieding, doel is dat sy in 2021 klear binne.

Mei it nije korps moat it probleem oplost wêze, dat Aldegea net binnen de noarm fan achttjin minuten berikber is fanút besteande brânwachtkazernen.

Brânwachtkazerne Aldegea

18 plus

Yn Fryslân binne 1800 wenningen dêr't de brânwacht net binnen 18 minuten komme kin. In tredde dêrfan (664) leit yn Aldegea (Smellingerlân). De oare plakken dêr't in soad huzen lestich te berikken binne, binne Earnewâld (124 wenningen) en Twellingea (113 wenningen). "De foarnaamste reden dêrfoar is dat in soad minsken bûtenút wenje. En foar Aldegea hawwe it wetter en de kanalen in grutte ynfloed. Dan duorret it gewoan langer foardat wy der komme kinne", seit Jan Wobma, fan de frijwillige brânwacht fan Burgum. Tegearre mei de brânwacht fan Drachten binne sy ferantwurdlik foar Aldegea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)