Oprop Kamp Amersfoort bringt bysûndere ferhalen nei boppen

Fedde ten Hoeve wie 49 jier âld doe't hy op De Jouwer oppakt waard. It wie plysjeman Sikke Wolters dy't him oppakte mids juny 1944, om't Ten Hoeve, sjef by de tram op De Jouwer, Joadske minsken meiride liet. Ten Hoeve einige lang om let yn it brute Kamp Amersfoort. Syn foto wurdt dêr takom jier tentoansteld.
© Omrop Fryslân
De arrestaasje wie foar Fedde ten Hoeve it begjin fan in reis fan inkelde moannen lâns finzenissen en kampen yn Nederlân. Nei in nacht yn Crackstate op It Hearrenfean brochten de Dútsers him nei de finzenis fan Ljouwert. Fan dêr út waard hy op transport set nei Kamp Vught.
Yn septimber waard Ten Hoeve oerbrocht nei Kamp Amersfoort. Dêr siet hy fjouwer dagen fêst as gizeler. Nei alle gedachten as represaille foar de grutte spoarstaking dy't yn septimber 1944 úteinsette, om sa it treinferkear fan de Dútsers te fersteuren.
© Omrop Fryslân
Mar wat der krekt bard is mei Ten Hoeve yn de kampperioade is nea dúdlik wurden seit syn pakesizzer, Fedde Biesma: "Hy hat der nea oer prate wollen. We witte dat hy yn Amersfoort grouwélige saken sjoen hat. Eksekusjes en in hiel soad oar leed. Ik ha geregeld besocht him dêr oer fertelle te litten, mar hy woe it net. It hat wierskynlik te traumatysk west."
Ten Hoeve sels bewarre alles. Yn in lyts doaske sitte alle brieven út dy tiid. Biesma: "Hy hâlde alles hiel goed by. Sa hat hy alle data opskreaun wannear't hy wêr wie. Hy wie der dus al mei dwaande."
Doe't Biesma hearde fan it fotoprojekt fan Nationaal Monument Kamp Amersfoort om safolle mooglik foto's fan de 35.000 minsken dy't dêr ea fêst sitten ha út te stallen, reagearre hy fuortendaliks: "It is belangryk foar ús. Dy man hat dêr in pear dagen fêst sitten. Ik fyn it moai dat se dat eare dêr, dat de finzenen in gesicht en in namme krije."
Nationaal Monument Kamp Amersfoort siket foto's fan de goed 35.000 finzenen dy't yn it konsintraasjekamp sitte hawwe. Sa wolle se de finzenen wer in gesicht jaan. Kamp Amersfoort hat dêrom de webside geefgevangeneneengezicht.nl lansearre.
Mei de foto's wurdt in fotomonumint makke dat yn it nije museum fan it kamp komme moat. It nije museum sil yn de maitiid fan 2020 de doarren iepenje.
Fedde Biesma oer syn pake dy't yn Kamp Amersfoort fêst siet