Ljouwerter plysje meardere kearen yn aksje tsjin lûdsoerlêst

04 maaie 2019 - 10:12

De plysje hat yn de nacht nei sneon yn Ljouwert meardere kearen optrede moatten tsjin lûdsoerlêst. De meldingen kamen út de Molenstrjitte, Mondriaanstrjitte en de Tynjedyk. Yn it earste gefal krige de feroarsaker in warskôging, by de oare twa waard in proses-ferbaal útskreaun. Mocht de feroarsaker oan de Tynjedyk op 'e nij yn de fout gean, dan moat er syn apparatuer ynleverje.

In lûdsprekker - Foto: Shutterstock.com
Trefwurden: 
Ljouwert lûdsoerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)