Dronken lju soargje foar problemen yn Ljouwert

04 maaie 2019 - 10:10

In 60-jierrige Ljouwerter is yn de nacht nei sneon ûnder ynfloed fan drank ferwûne rekke. De man foel en rûn dêrby ferwûningen oan syn holle op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Hy krige fan de plysje in proses-ferbaal fanwege iepenbier dronkenskip.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De dronken Ljouwerter wie net de iennichste dy't de plysje wurk joech. In dronken ynwenner fan Drachten is dyselde nacht yn Ljouwert betrape op it mei syn auto riden op in fytspaad. Neist dat er in proses-ferbaal krige is syn rydbewiis ynnaam.

Freedtejûn waard it rydbewiis fan in 63-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel ynnaam. De plysje hie de tip krigen dat de man mei tefolle drank op achter it stjoer krûpt wie. Hy waard nei in syktocht fûn op de Wynserdyk by Oentsjerk. De man moat ek foar de plysjerjochter ferskine.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drank
(advertinsje)
(advertinsje)