Skoalle fiif jier nei útwreiding alwer te lyts

10 nov 2011 - 12:33

Der moat gau wer nijbou komme by it Linde College yn Wolvegea. Fiif jier lyn moast de skoalle al útwreidzje, omdat it tal learlingen bot tanaam wie. De ferwachting is dat der de kommende jierren noch mear bykomme sille.

Oar jier wurdt yntern sjoen nei hoe't de romte effisjinter brûkt wurde kin. Boppedat sil it roaster mei ien oere ferlingd wurde. Oer in jier sil der nei alle gedachten wer nijbou komme moatte om oan de fraach foldwaan te kinnen.

(advertinsje)