"Sollisitearje net allinnich, mar as groep kollega's"

04 maaie 2019 - 08:41

Kollega's binne tige wichtich foar in goeie wurksfear, en wille yn it wurk. In goeie baas wit soks. Mar as je sollisitearje witte je net mei hokker minsken je komme te wurkjen as je de baan krije. Om derfoar te soargjen dat sollisitanten der wis fan binne dat se moaie kollega's krije, freget Damstra Intallatietechniek om as groep kollega's te sollisitearjen.

Foto: Damstra

Neffens it ynstallaasjebedriuw, dy't fêstigingen yn Ljouwert, Driezum en Grins hat, soe de nije foarm fan sollisitearjen it in stik makliker meitsje moatte om de oerstap nei in nije wurkjouwer te meitsjen. "Het gaat vaak fout als bedrijven nieuwe mensen zomaar bij elkaar in een team plaatsen. Mensen moeten bij elkaar passen om als team succesvol te kunnen zijn", seit Dirk Jacob Visser, bedriuwslieder fan Damstra.

Trefwurden: 
Damstra sollisitearje groep
(Advertinsje)
(Advertinsje)