Kollum: "Sonderkommando's"

04 maaie 2019 - 08:15

"It is hjoed fjouwer maaie. De dei fan de ûnwerklike getallen. De dei fan betinken fan saken dy't yn it ferline bard binne. Saken dy't sa grouwélich en sa ûnfoarstelber binne dat der eins gjin begjinnensein oan is om alles te begripen. We smite alle ellinde dan mar op in bult, binne twa minuten stil, as we dêr teminsten it fatsoen foar opbringe kinne, en lokkich kinne we moarn oan it bier by ien fan de festivals. Gau dizze tryste dei ferjitte.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Meksikanen sizze fan de Stille Oseaan dat hy gjin ûnthâld hat. Ik wit net oft de Stille Oseaan grut genôch is om alle misstannen, trauma's en freeslikheden mei in laach wetter te bedekken en it sa te ferjitten, ik ha der myn twivels oer. It is tsjintwurdich normaal om ús skiednis mei in strúsfûgel polityk te benaderjen. Poets it fuort en it is krekt of hat it der net west.

Minsken dy't harren útspanning VOC kafee neame, wurde sa bot bedrige dat se de namme feroarje. Oaren dy't in hoareka gelegenheid ha mei in koloniale namme wolle net mei harren namme yn de krante, benaud dat harren itselde te wachtsjen stiet. Poets it fuort, soargje dat we it net mear sjogge, dan docht it net sa sear. Krekt of hat de VOC der net west. Stikem stekt de haat tsjin de Joaden ek op plakken wer de kop op. Dingen ferjitte is gefaarlik, omdat je dan de kâns rinne dat de skiednis net freeslik genôch west hat om werhelling te foarkommen.

We moatte net ferjitte, we moatte ûnderwize en betinke. En docht dat sear? Jawis. De skiednis is njonken in hiele soad prachtige dingen ek ien grutte bult misdieden. Dy meie we net ferjitte. Oars ha minsken foar neat harren libben weage om oan ús sjen te litten wat foar net te beskriuwen saken we inoar oandwaan kinne. Sa as de fjouwer foto's fan it Sonderkommando bygelyks. Miskien witte jimme net wa't dat wiene, sels de befrijers fan Auschwitz tochten ynearsten dat dizze minsken mei de nazys gearwurken. Pas letter kamen se efter de godsgrouwélike wierheid.

De Sonderkommando's wiene sterke Joadske manlju dy't selektearre waarden om harren eigen folk te mislieden en de gaskeamers yn te stjoeren, mei as ferlechje dat it in dûskeamer wie. As de minsken fergast wiene, waarden se troch de leden fan it Sonderkommando út de keamers sleept, dêrnei moasten se de lichems ûndersykje op brûkbere dielen, sa as gouden tosken en lang hier. As se harren ferskriklike wurk dien hiene, waarden se sels fermoarde, omdat it proses fan mislieding geheim bliuwe moast. Letter yn de oarloch die bliken dat it foar elk transport selektearjen fan in nij Sonderkommando wol in soad wurk wie, en waarden guon permanint belêste mei dizze ûnminsklike taak.

Wat soenen jo dwaan yn harren gefal?

Der binne troch de Gryk Alberto Errera fan it Sonderkommando fjouwer foto's makke fan de ferskrikkingen yn de ferneatigingskampen. Steapels deade minsken dy't ferbrând wurde en froulju sûnder klean op wei nei de gaskeamers. Errera waard sels fermoarde nei't er in SS offisier in klap joech. Mar syn foto's binne bewarre bleaun. Lokkich mar. De VOC en de ferskrikkingen yn de oarloch binne dan wol skiednis, mar dat betsjut net dat we it ferjitte meie. In soad leden fan de Sonderkommando's ha nei de oarloch selsmoard plege. De wie gjin psychiater dy't harren geastlik frijmeitsje koe fan wat se meimakke hiene.

Ik bin jûn twa minuten stil. Jo ek?"

(advertinsje)