Fûgelwachten wolle mear drones ynsette foar it finen fan nêsten

04 maaie 2019 - 08:09

In spesjaal oplaat droneteam fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten is no sa'n twa wiken oan it oefenjen mei it finen fan greidefûgelnêsten. En dat smakket nei mear. Der soene eins noch twa of trije ekstra drones by komme moatte, seit projektlieder Teade de Boer fan de BFVW.

De Boer is entûsjast oer de resultaten. "We fleane fan Wolvegea oant en mei Wommels en dêr boppe. Wy ha no sa'n 40 oant 50 hektare ynventarisearre." Der wurde nêsten fûn dy't oars dreech te finen binne troch neisoargers, lykas dy fan de ljurk en de tjirk. Dat betsjut dat dy nêsten dêrtroch beskerme wurde kinne. Mar ien greidefûgeldrone is net genôch om soks op behoarlik grutte skaal te dwaan.

It is lykwols net ienfâldich om ien en oar hiel gau op te skalen. De drones binne behoarlik djoer en ek it oplieden fan minsken om sy te betsjinjen kostet tiid en jild. De drone dy't BFVW no brûkt, is sneontemoarn offisjeel oan harren oerlange troch boere-organisaasje LTO-Noord. De provinsje hat ien en oar subsidiearre.

De BFVW wurket ek gear mei de koepel fan Agraryske Natuerferieningen. Seker ien fan de ferieningen dy't dêrby oansletten is hat earder ek alris in proef dien mei in greidefûgeldrone.

Teade de Boer is mei drones op 'e syk nei nêsten fan greidefûgels

(advertinsje)
(advertinsje)