Cambuurkeeper Mous blessearre it fjild ôf: "Ik hoop dat ik net op tijd ben uitgestapt"

03 maaie 2019 - 23:50

It like der lang op oft SC Cambuur soe freedtejûn de striid ferlieze yn it duel tsjin FC Twente. Yn de slotfaze fan de wedstriid wisten de Ljouwerters lykwols noch op likense hichte te kommen en mei in 2-2 einstân pakte it dochs noch in puntsje. Tsjinfaller foar Cambuur wie wol dat flak foar dy suksesfolle faze keeper Xavier Mous blessearre it fjild ferlitte moast yn de 80e minút.

De skrik sloech der goed yn by Cambuur doe't keeper en útblinker fan it seizoen Xavier Mous yn de 78e minút nei de grûn gie mei in blessuere. De doelman moast wiksele wurden foar reservekeeper Pieter Bos. "Ik had al een weekje last van mijn bovenbeen. Ik moest een paar lange ballen trappen en ik voelde de spanning toenemen. Op een gegeven moment trapte ik een lange bal en toen werd het echt een stuk erger. Toen voelde ik het zelfs bij korte ballen. Dus ik dacht als ik nu nog een keer een lange bal moet trappen, dan kan ik echt in de problemen raken", sa seit Mous. "We moesten nog een kwartier en een kwartier zonder nog een keer een bal te trappen is te lang. Ik had ook de play-offs in mijn achterhoofd, dus ik hoop dat ik net op tijd ben uitgestapt."

De 23-jierige slútpost hopet der nije wike freed yn de earste ronde fan de play-offs tsjin Almere City FC wer by te wêzen. "Daar mik ik natuurlijk wel op en daar ga ik wel vanuit", seit hy.

Troch de blessuere fan Mous makke Pieter Bos yn de Grolsch Veste dus syn debút as doelman foar Cambuur yn de wedstriid tsjin FC Twente. "In fantastysk momint natuerlik om nei trije jier dyn debút hjir te meitsjen. Fantastysk", sei Bos.

Oant no ta hie Bos foar net mear as in pear hûndert taskôgers spile, mar yn it stadion yn Enschede siet 27.000 man publyk. "It hie natuerlik folle moaier west foar it eigen publyk, mar ast it dan ergens dwaan moast dan is dit in fantastysk plak, absolút. It smakket nei mear!" Bos wist de nul te hâlden en Robbert Schilder en Nigel Robertha slaggen der lang om let noch yn om de stân op 2-2 te setten.

Cambuur kaam yn blessueretiid sels noch op 2-3, maar de goal van Andrejs Ciganiks waard fanwegen bûtenspul ôfkard. De arbitraazje hie it lykwols by it ferkearde ein en dus hienen de Ljouwerters eins winne moatten, sa seach ek trainer René Hake. "Op basis van de beelden wel. En op basis van het spel in de tweede helft ook, maar niet op basis van de eerste helft. Maar dat telt niet", seit Hake.

"De wedstrijd loopt zoals die loopt. We speelden een hele moeilijke eerste helft, waarin we denk ik terecht achter staan. Hoewel we daarin ook een aantal goede momenten hadden om een goal te maken, maar we hadden er ook drie of vier tegen kunnen krijgen, dus daarin worden we ook gespaard. Na de rust heb ik een ander Cambuur gezien, dat wel agressief speelde en naar voren wilde spelen. Dat vind ik wel een groot verschil met de eerste helft en dat mag ons in de andere wedstrijden niet gebeuren."

Cambuur nimt it yn de earste ronde fan de play-offs op tsjin Almere City FC. De Ljouwerters ferlearen dit seizoen twa kear fan dy ploech. Neffens Hake binne de play-offs lykwols wedstriden dy't op harsels steane. "Het gaat niet over een langere periode. Het gaat nu over twee wedstrijden waarin je het moet beslissen om naar de volgende ronde te gaan", sa seit Hake.

(advertinsje)