AZC-band fan Sint-Anne spilet op deadebetinking

03 maaie 2019 - 22:57

Doe't de bandleden fan it asylsikerssintrum yn Sint-Anne fan de deadebetinking hearden, woene sy ek wat dwaan. Dêrom binne sy no in tal nûmers oan it ynstudearjen. Der sitte ek nûmers by dy't sels skreaun binne. Sneontejûn treedt de band op yn it AZC en elkenien is fan herte wolkom.

De band fan it AZC yn Sint-Anne bestiet út sa'n sân leden mei minstens seis nasjonaliteiten. Paroerj is ien fan inisjatyfnimmers, hy komt út Armenië en wennet al acht jier yn it AZC. Hy hat al in hiel soad minsken kommen en gean sjoen. "Wij houden van geen enkele oorlog", fertelt Paroerj.

Syn pake is omkaam yn de Twadde Wrâldoarloch en dat jout it foar him in ekstra betsjutting. "Ik vind het mooi dat we met verschillende culturen bij elkaar komen en kunnen herdenken", fertelt hy.

Om mear ferbining te meitsjen mei minsken út de regio soene sy graach ek muzikanten út de buert yn de band opnimme wolle. Se kinne noch wol wat blazers brûke. Der komme foar de betinking spesjaal minsken út it hiele lân om mei te spyljen yn de band.

Ien fan de bandleden komt al út de omjouwing. Marjan spilet saksofoan en fynt it hiel bysûnder dat se meispylje kin. "Ik houd bijvoorbeeld van Afrikaanse muziek", fertelt se. Der wurdt yn alderhande talen songen, fan it Nederlânsk oant it Japansk.

(advertinsje)
(advertinsje)