Cambuur pakt yn slotminuten punt tsjin Twente en treft yn play-offs Almere City

03 maaie 2019 - 22:23

SC Cambuur hat freedtejûn de reguliere kompetysje ôfsluten mei in lykspul. Yn de Grolsch Veste yn Enschede waard 2-2 spile tsjin kampioen FC Twente. De Ljouwerters seagen fiif minuten foar tiid noch tsjin in 2-0 efterstân oan. Cambuur wit, no't de kompetysje derop sit, ek wa't de tsjinstanner wurdt yn de earste ronde fan de play-offs: Almere City FC.

De kampioen fan de Keuken Kampioen Divisie kaam goed út de startblokken. Al yn de fiifde minút skeat kluptopskoarer Tom Boere út in foarset fan Mohamed Hamdaoui de bal yn de fiere hoek foarby Cambuurkeeper Xavier Mous. Yn de tolfde minút hie de Letske international Andrejs Ciganiks de lykmakker al op de foet, mar hy krige fan tichtby de bal net tusken de peallen.

Nei in healoere spyljen wie der opnij in libbensgrutte kâns op de lykmakker foar de ploech fan trainer René Hake. De Frânske middenfjilder Robin Maulun, dy't ôfrûne wike noch trije kear skoarde tsjin MVV Maastricht, kopte de bal lykwols rjocht op doelman Joël Drommel.

De twadde goal fan it duel kaam ek fan de thúsploech. Hamdaoui skeat in frije traap op likernôch 18 meter fan de goal spikerhurd foarby doelman Mous. Haris Vuckic koe foar it skoft sels noch hast 3-0 meitsje, mar syn skot gie heech oer de goal fan Mous.

Driigjend Cambuur

Yn de twadde helte wie it Cambuur dat it meast oanspraak makke op in goal. Oanfaller Issa Kallon wie nei fiif minuten bygelyks tichteby, mar hy seach syn skot foarlâns de goal fan Drommel gean. Nei in dribbel fan Nigel Robertha krige Kallon yn de 65e minút wer in sjitkâns, mar Drommel hie de bal fuort klem.

Mohamed Hamdaoui (FC Twente) skoart tsjin Cambuur - Foto: OrangePictures

Blessuere Mous

Cambuur krige yn de twadde helte mei it each op de play-offs noch in grutte tsjinfaller te ferwurkjen. Yn de 78e minút gie slútpost Mous nammentlik nei de grûn mei in blessuere oan syn boppeskonk. De grutte útblinker fan dit seizoen by de Ljouwerters koe net fierder en waard ferfongen troch Pieter Bos fan Bûtenpost. Hy koe direkt fan wearde wêze foar Cambuur, want daliks nei de wiksel kaam âld-SC Hearrenfeanspiler Oussama Assaidi allinnich op him ôf. Under mear it flugge útkommen fan Bos soarge derfoar dat de oanfaller neist skeat.

Yn de 89e minút makke oanfierder Robbert Schilder der tsjin syn âlde klup mei in skot fan grutte ôfstân der noch 2-1 fan. Cambuur kaam yn de blessueretiid sels noch op likense hichte troch in goal fan Nigel Robertha. Ciganiks like der efkes letter sels noch 2-3 fan te meitsjen, mar syn goal waard troch de arbitraazje ûnterjochte ôfkard fanwegen bûtenspul. It lêste duel fan it reguliere seizoen fan Cambuur einige hjirtroch úteinlik yn 2-2.

Play-offs

No't de reguliere kompetysje derop sit, wit Cambuur ek wa't de tsjinstanner wurdt yn de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. De Ljouwerters binne op it tsiende plak einige en dat bestjut dat nûmer seis Almere City FC de tsjinstanner wurde sil yn de earste ronde. Cambuur spilet nije wike freed earst thús, wêrnei't op tiisdei 14 maaie de return yn it Yanmar Stadion yn Almere spile wurdt.

Foto: OrangePictures

FC Twente - SC Cambuur 2-2 (2-0). 5. Tom Boere 1-0, 38. Mohamed Hamdaoui 2-0, 88. Robbert Schilder 2-1, 90+3. Nigel Robertha 2-2.

Opstelling SC Cambuur: Mous (80' Bos); Van Wermeskerken, Mbende, Steenvoorden, Sambissa; Jansen, Schilder, Maulun; Van Kippersluis (60' Kallon), Robertha, Ciganiks.

(advertinsje)
(advertinsje)