Moniek Klijnstra pakt sechsde plak by Europa Cup in Heerde

03 maaie 2019 - 22:10

Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea hat by de Europa Cup inline skaten yn Heerde it sechsde plak helle by de 300 meter sprint. Se hie har dêrfoar as njoggende fan de tolve dielnimsters pleatst.

Foto: Neeke Smit

Winner waard Vanessa Herzog, dy't by it reedriden wrâldkampioene is op de sprint. De Belgyske inline skaters Stien Vanhoutte en Sandrine Tas waarden twadde en tredde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)