Froulju fan SC Hearrenfean belibje tsjin VV Alkmaar twadde comeback fan de dei

03 maaie 2019 - 21:43

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn it seizoen yn de earedifyzje foar froulju winnend ôfsluten. Op besite by VV Alkmaar waard mei 3-4 wûn. It wie foar de Fryske froulju hoe dan ek in goede dei, want earder waard bekend dat der takommend seizoen dochs noch frouljusfuotbal spile wurdt op It Hearrenfean.

Foto: Orange Pictures

Al yn de earste minút wiene de Fryske froulju ticht by in doelpunt. Kluptopskoarer Tiny Hoekstra kaam by har earste balkontakt yn skoaringsposysje, mar har skot belâne op de peal. De earste goal fan it duel kaam úteinlik fan de thúsploech. Yn de 19e minút makke Anne-Fleur Duppen der út in korner 1-0 fan. Trije minuten letter wie it, fia dyselde Duppen, alwer raak foar de Noard-Hollanske ploech.

Yn de twadde helte wie Hoekstra nei 57 minuten op 'e nij tichteby in treffer, mar it skot waard keard troch keepster Nicolle Martens. Fiif minuten letter wist Hoekstra dochs noch de oanslutingstreffer op har namme te skriuwen. De goal wie it begjin fan in hiele sterke faze fan de Friezinnen. Yn in pear minuten tiid waard de efterstan omset yn in foarsprong troch doelpunten fan Quinty Sabajo en Suzanne Admiraal. Yn de 77e minút makke Sabajo der fia in assist fan Hoekstra sels noch 2-4 fan.

Yn de absolute slotfaze die VV Alkmaar noch wol wat werom fia Louise Bos: 3-4.

Earste plak

De froulju fan SC Hearrenfean wienen al wis fan it earste plak yn de ferliezerspûl fan de earedifyzje foar froulju. De ploech fan trainer Roeland ten Berge is troch de oerwinning úteinlik einige op 33 punten, 10 mear as nûmer twa VV Alkmaar.

De treffer fan Hoekstra wie genôch om de topskoarerstitel yn de earedifyzje yn de wacht te slepen. De Friezinne makke yn totaal 27 doelpunten, ien mear as Joëlle Smits fan FC Twente.

(advertinsje)